|
REINWETTER
OP 'E HûD
Ik
bin noch fan in foargeande generaasje of sa mear,
net
dat dêr wat mis mei is hjer, it tsjindiel earder,
fan
in tiid doe 't de douche noch tobbe hjitte sil ik mar sizze
ja,
it is al efkes lyn, ik wyt it mar sa giet it nou ien kear
yn
dy tiid wie ik wol ris oergunstich west op it fee yn't lân
as
it dan reinde en brodzich wie, in lekker buike opé bealch
en
as it dan letter droech wie, stiene hja gewoan te dampen
it
wie in moai oansjen, en it jout noch altiid in bân
noch
net sa lang lyn wie it ek sok hjit waer, de hiele dei
in
donkere loft wie kommende, en ik tocht dit is myn kâns
en
sei tsjin'e frou "ik doch de klean út en bliuw
bûten "
hja
leauwde my net fansels, it wie ek mar sa'n hjitte hei
dat
feroare doe't ik yn'e hûs brocht, wat net wiet wurde mocht,
hja
sei "do bist net wiis, brûk dyn ferstân man"
doe't se dat seach,
en
"hoe âlder hoe gekker", ik sei tsjin har "do
kinst wol meidwaen ju"
nou
doe doge ik hielendal net mear fansels as ik dat al tocht
ik
gie sitten en de bui kaem, ik tocht trochsette jonge, 't is sa dien
yn't
begjin gie it wol en wie't wol lekker op'e bleate hûd
mar
dat duorre net sa lang, doe trille ik as in trilboar sa slim
ik
koe net wer waarm wurde en bin mar ûnder de hjitte douche gien
twa
dagen letter wie ik sa ferkâlden as in snip en tige min by siele
doe
ha ik mar beslètten om fuortoan mear nei myn frou te harkjen
se
hat neat sein, it is sa'n bêste frou dy't ik troffen ha, en
wiizer ek,
ek
al wol hja net mei my in reinbui op it bleate liif fiele.
|