|
Wite
wolkenkant
t
Wie okkerdeis ris op in
stille jûn
Op
een neisimmerjûn fan in neisimmerdei
We
giene te rinnen even Finkum om,
Op
dy neisimmerjûn fan dy neisimmerdei
We
slofken wat om
We
skeuvelden wat troch it doarp
Guonnen
hellen ús yn
Wy
holden ynienen stil
Leech
oer de greiden, fier oer de kimen
Seagen
we loft, wite wolken.
Wolken
sa wyt en noch sa ûnbedoarn
O
sa mjitsk yn it wyt, o sa mjitsk yn it ljocht.
Wolken
fan side, wite siden kant
Tearden
har stiltsjeswei om een skjinblauwe loft.
Blakstilwite
wolken
Weefden
harren hiel temûk
Om
de rijblauwe himel
Yn
teare wite wolkenkant
Teare
wite wolkenkant
Rijblauwe
himel
t
Die suver sear oan de eagen.
De
trije flearbeammen
Mankelyk
en moai tagelyk
Hikke
en tein by de wide mar
Een
hoannestap fan de rydwei of
Binne
de trije flearbeammen
wer
fallen yn de jierlikse opsmuk
Se
steane foar pronk en pracht op de wrald
Ynskiklik
en skruten hingje se derby
As
waarden se net foar fol oansjoen
As
koene se net mei oaren meidwaan
Skeanoer
en wat rungear
Wurk
bestiet alhiel net foar harren
Se
hawwe hielendal neat by de ein
Se
sjogge lang net op een oere
Ferprate
harren net, tsjin gjinien
Se
hawwe mei gjinien gedoente
Se
halde alles stil
Se
geane foar neat yn de bocht
Se
mimerje harren troch de tiid
Se
slite lange simmerdagen
Sunder
euvelmoed yn harren pronk
Mankelyk
en moai tagelyk
Hikke
en tein by de wide mar |
 |
|
 |
|
It
kealtsje
Een
poerfrjemd fjild mei blomkepraat
Een
poerfrjemd fjild mei grien
It
giel, it wyt, it ruzjend skaad
Ferbjust're
bliuwt er stean.
It
kealtsje toutert oer it gers
en
komt wiidskonkich del.
Wurdt
suver kjel fan alle lud
En
fan de ljochtskyndei.
De
earen stean him rjocht oerein.
De
sturt slacht him hast lam.
De
eagen skril, it kin min oars.
Hy
fearret troch it gers.
Hy
leit it mei de maitiid oan.
Se
helje inoarren oan.
It
ljocht trillet op harren del.
Sjocht
harren iepen oan.
It
redt him skoan, it skept een ban.
op
it kamke griengslan.
Se
wurde it iena yn 't middeiskoft.
Se
binne inoarren treast.
|
|
 |
De
swietrook fan de simmer
Ik
bin der mei opbrocht alle simmers wer.
Mei
de roken sa swiet op een waarme simmermoarn.
Alles
feroaret, k ha der soms wol oan,
mar
de swietrook dy hâldt âlde tiden oan.
Een
tiidrek yn streken.
Een
tiidleaze freugde.
Ryprije
roken
Roken
fan it bloeisel.
Swietsêfte
roken lizze yn kringen
om
al ús nijjichhyd hinne.
It
seit my oan, it seit my minlik oan,
It
wol my al dy mjitskswiete roken ta ha.
It
tinkt om my, ja oan ús allegear,
It
skuort elts troch de tiid, de swietroken fan hjoed.
It
toevet wer ik delgean.
It
teart om my hinne.
Fuort
kink net komme
as
soe ik it wolle.
k Kin t hast net ferneare dy drege myldens.
Swietsêfte
rook fan de simmer.
Tank
foar de rijens fan de simmerrook
foar
de treast,swiete treast op een waarme simmermoarn.
Tank
foar de tagedienens fan de rook,
foar
de swietsêfte rook fan de mylde simmermoarn.
It
toevet wer ik delgean.
It
teart om my hinne.
Fuort
kin k net komme
as
soe ik it wolle.
Tank
foar de seine, swietsêfte seine,
ryklik
en rij fan de simmer. |