|
gedicht van
A. van der Heiden
|
FREYAS
LIET
Ik
bin de Grutte Mem, oanbeden troch alle skepsels en Sy dyt Wie,
foar harren bewustwurding.
Ik
bin de froulike oerkrêft, ûnmjitlik en ivich.
Ik
bin de treflike Goadinne fan e Moanne, de Froue fan alle magy.
De
wyn en de rûzjende blêden sjonge myn namme.
Op
myn foarholle draach ik de slydjeier en myn fuotten rêste yn
stjer besiedde himels.
Ik
bin it som fan alle mystearjes, in wei, justjes betrêde.
Skep
freugde yn my en kin de rikens fan e jonkheid.
Ik
bin de seinige Mem, de sierlike frouwe fan e rispinge.
Ik
bin klaaid yn it donkere, koele wûnder fan e Ierde en yn
it goudene kleed fan wiuwende fjilden fol nôt.
Ik
bin de oarsprong en de hoedster fan t tij op Ierde; al wat
groeit komt ta bloei yn myn jiertiid.
Ik
bin beskerming, betterskip, ik bin Sy dy t Libben jout,
ûnmjitlik en strieljend fruchtber.
Oanbid
my as de Âlde Wize frou, weefster fan e syklus fan dea
en werberte.
Ik
bin it tsjel, it skaad fan e Moanne.
Ik
bin de oarsprong en de hoedster fan t libbenstij fan frou en
man, en jou ferkwikking en befrijing oan warge sielen.
Wit
dat de tsjusterens fan e dea myn gebied is, mar ek de blierens
fan e jefte fan berte.
Ik
bin e Goadinne fan e Moanne, de Ierde, de Seeën.
Myn
nammen en krêften binne grut yn tal.
Ik
bin e Boarne fan krêft en magy, frede en wiisheid.
Ik
bin t iere, de iivich Jonge frou, de Mem fan t Al, en de
Âlde Wiize frou fan tsjusterens, en ik skik jim de seinigingen
fan ûneinige leafde. |
|