|
Net Mear Sâltich
Op it strân
rûk ik
hûnen en auto's
minsken en
grutte skippen
de see....
dy 't al sûnt
it âldste
geologyske tiidrek
bringt wer 't
nimmen om frege
no weromspielt
wat eltsenien delsmyt
en rûzjet rûzjet
mar net meer sâltich. |
 |
|
|
De
Kastanjebeam
Wazem
kondensearret bij fiif graden
Ik
sjoch omheech wolkjes foar de mûle
De
kastanjebeam is keal
hij
wit in soad fan mij
de
kastanjebeam
werûnder
it parkere swier keallet
nei
links nei rjochts der yn der út
Ik
kin heel wat fertelle oer dat parkere
De
kastanjebeam
hat
giele blêden en stikels
Yn
it reataurant wie it iten bêst
en
it drinken en misken prate lûd
De
kastanjebeam
is
mar in bytsje ferlochte
Ik
woe wol wat sizze oer lûdroftigens
stillichheid
moaiens of soksawat
en
de kastanjebeam
Mar
ik siz neat doch neat de wrâld giet fierder
De
kastanjebeam
hat
gjin stikels
|
|
 |
Fryslân
Foarby
De
ferstoarne Pleats mei Foarein
is as
fekânsjehûs réynkarnearre
Bouke en
Jeltsje hjitte allinnich
noch Pake
en Beppe of hynders
fan It
Fryske Hynder
Earizers
kreakje yn seazen
op
brúne âlde foto's |